Holland Casino yn Ljouwert sletten fanwegen staking

21 apr 2017 - 18:09

Holland Casino hat syn fêstiging yn Ljouwert freedtemiddei sletten fanwege de staking fan it personiel. "Wij kunnen in Leeuwarden de veiligheid van onze gasten niet garanderen", seit in wurdfierder fan Holland Casino. Earder freed waard bekend dat in part fan it personiel it wurk dellein hie. Se slute harren oan by Holland Casino yn Grins. Der wurdt staakt foar in bettere cao.

Eask: goede cao

Neffens de fakbûnen slagget it net om ôfspraken oer in nije cao te meitsjen mei it bestjoer fan Holland Casino. It personiel seit dat it by de reorganisaasje twa jier lyn in soad ynlevere hat. Der binne doe hûnderten banen ferdwûn, wêrtroch't de wurkdruk noch mear tanaam is. Holland Casino is yntusken wer in sûn bedriuw en it personiel easket dêrom no in goede cao.

It is de fiifde kear sûnt foar foarige wike freed dat der by it steatsgokbedriuw staakt wurdt. Eardere aksjes wienen yn Breda, Nijmegen, Amsterdam, Utrecht, Rotterdam en Eindhoven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)