FIDEO: Froulju yn de autocross

Keningsdei, op dy dei stiet der yn Blauhús mar ien fraach sintraal: Wa wurdt de King of Dirt? Oftewol, wa wint de autocrossrace de Kings Battle. Speedway Blauhús stiet op tongersdei 27 april wer fol mei racefanatisy foar dy spektakulêre races en Omrop Fryslân is dêr live. Yn de oanrin nei dat barren komme wy alle dagen mei in portret fan in racer. Hjoed folgje wy Aukje Feenstra. Op 27 april docht sy mei oan de Stockcar F2 Junior races.

Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/racing. De Kings Battle races binne op tongersdei 27 april live fan 13.00 oant 18.00 oere op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app te sjen. Jûns om 18.20 oere, en dêrnei alle oeren, is in kompilaasje hjirfan te sjen.