Bosbergtoer yn Appelskea bliuwt kommende tiid langer iepen

21 apr 2017 - 15:44

De Bosbergtoer yn Appelskea is de kommende tiid langer iepen, omdat it ek langer ljocht is. Minsken dy't der betiid by binne, kinne der moarns om njoggen oere al yn. De toer bliuwt iepen oant njoggen oere jûns.

Neffens de gemeente Eaststellingwerf is de Bosbergtoer in sukses. Der hawwe al tûzenen minsken op west. Ynkoarten wurdt de tsientûzenste besiker ferwachte. De útsjochtoer yn Appelskea gie yn oktober ferline jier iepen.

Trefwurden: 
Bosbergtoer Appelskea iepen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)