Schilder ek takom seizoen aktyf by SC Cambuur

Fysioterapeut Harvey Bischop en Robbert Schilder © Omrop Fryslân, Andor Faber
Robbert Schilder hat syn kontrakt by Cambuur ferlinge. It nije kontrakt soarget derfoar dat de ferdigener ek it kommende seizoen aktyf is foar de Ljouwerters. Dêrby is yn it kontrakt ek in opsje foar in ekstra seizoen opnaam. Schilder makke yn de ôfrûne simmer de oerstap fan FC Twente nei Cambuur en spile oant no ta 27 kear yn it earste team. Schilder hat njonken Cambuur en Twente ek spile foar Ajax, Heracles Almelo en NAC Breda.
Technysk directeur Gerald van den Belt is goed te sprekken oer de kontraktferlinging fan Schilder. Op de webside fan Cambuur seit Van den Belt: "Robbert is één van onze meest geroutineerde krachten en met zijn rust, coaching en spelinzicht een absolute meerwaarde. Hij past bovendien als persoon gewoon heel goed bij onze club, dus wij zijn hier heel blij mee."