Oefening mei eksploazje yn flat yn Ljouwert

21 apr 2017 - 14:12
  • Der wurdt oefene yn in flat oan de Vuurdoornstrjitte yn Ljouwert

Freed is der in grutte rampe-oefening hâlden yn Ljouwert. Dêrby wurde de brânwacht, plysje en ambulânse ynsetten. Der wurdt in senario oefene dat liket op de eksploazje earder dizze wike yn Veendam, sa seit in wurdfierder fan de Feilichheidsregio Fryslân.

De oefening stie lykwols al op de planning en hâldt gjin ferbân mei de eksploazje yn Veendam. Yn in appartemint oan de Vuurdoornstrjitte lizze sabeare slachtoffers. It Specialisme Technische Hulpverlening team Noord-Nederland, is oproppen om te helpen. Dat waard ek ynsetten by it ynsidint yn Veendam wêrby't earder dizze wike in man om it libben kaam. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)