Drachtsters spuitsje auto yn styl fan De Stijl

21 apr 2017 - 13:54

Der binne hieltyd mear opfallende auto's, mar yn Drachten meitsje se wol in hiel bysûnder eksimplaar. Keunstner Rienk van Houten is begûn mei it spuitsjen fan in auto yn de styl fan De Stijl. De eigener fan de auto wennet yn de Drachtster Pappegaaiebuert. Yn dy buert stean allegear huzen mei in opfallend kleureskema dat ûntwurpen is troch Stijlkeunstner Theo van Doesburg. It doel is om de auto yn deselde kleuren te spuitsjen. Dat bart yn in fabrykje op it bedriuweterrein Azeven.

Dit jier is it hûndert jier lyn dat de Nederlânske keunstbeweging De Stijl oprjochte waard. Museum Dr8888 yn Drachten hat dêr it hiele dit jier omtinken foar, mei ûnder oare fjouwer grutte tentoanstellingen wêryn de keunststreaming sintraal stiet.

Trefwurden: 
auto De Stijl Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)