TsjinGas wol proefboarringen by Nij Beets keare

21 apr 2017 - 13:32

Tsjinstanners fan de proefboarringen nei gas krekt bûten Nij Beets, hawwe de stichting TsjinGas oprjochte. Mei de gemeente Opsterlân, Miljeudefinsje en oare groepen wolle se in tsjinlûd hearre litte.

De stichting hat in beswier yntsjinne by de provinsje tsjin de fergunningsoanfraach foar seismysk ûndersyk yn it wetterwingebiet by Nij Beets. Sneon 22 april ferfalt de fergunning foar de proefboarring dy't Vermilion krigen hat fan it ministearje fan ekonomyske saken. Dy wurdt lykwols automatysk ferlinge. TsjinGas hat de gemeente Opsterlân earder dizze wike frege him hearre te litten by de minister, yn de hope in nije fergunning tsjin te hâlden. Neffens de stichting is dêr genôch reden foar.

Sa is der kompensaasje-natuer oanlein foar de weriepening fan it Polderhoofdkanaal en neffens TsjinGas is dêr net genôch rekken mei holden. Yn sa'n gefal kin der in berop dien wurde op in feroare ynsjoch en kin de minister ferlinging fan in fergunning wegerje. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)