"Willem-Alexander was vroeger een heel raar verwend kind"

21 apr 2017 - 13:28

It wurdt suver wat in 'oranje-wike'. Hjoed al mei de spultsjedei op de skoallen, takom wike it grutte TV-ynterview mei de kening en tongersdei fansels Keningsdei. Op de Ljouwerter freedsmerk wiene de measten posityf oer it keningshûs en de kening. "Een redelijk goed instituut, je weet wat je er aan hebt." En in Ljouwerter sei: "Ut kost een paar senten, mar dan hest oek wat. Silst mar in Noord-Korea woane, bist moai de lul". Dochs wiene der ek krityske lûden, sa as: "It kostet my allegear fierstente folle." 

Opmerklik wie it ferhaal fan de dochter fan in boskwurker by Paleis Het Loo. As famke moast se mei nei Den Haag om dêr de 'koninklijke chocomel' te drinken. "En dan waren die prinsjes daar ook altijd. Ook Willem-Alexander en dat vond ik een heel raar verwend kind. Als brave dochter van een arbeider keek ik heel vreemd tegen die familie aan." Fansels wie der ek wer de gebrûklike noftere foarbygonger: "Se lizze my net yn 't paad. Lit se mar gewurde, it is my wol goed."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)