Aksjeboek fan de berneboekewike oer Mata Hari

21 apr 2017 - 12:51

It aksjeboek foar bern foar dit jier giet oer Mata Hari. It wurdt skreaun troch Lida Dykstra. It wurdt in ryk yllustrearre sjochboek foar de boppebou fan de basisskoalle oer it libben fan de yn Ljouwert berne Margaretha Geertruida Zelle. Sy waard ferneamd as de eksoatyske dûnseres Mata Hari. Yn oktober is it 100 jier lyn dat sy op fertinking fan spionaazje yn Frankryk fusillearre waard.

De yllustraasjes fan it boek wurde makke troch Natascha Stenvert. It boek ferskynt begjin oktober yn it ramt fan de Berneboekwike. By oankeap fan in Frysk boek, is it foar de spesjale aksjepriis fan € 4,95 te keap. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)