Twa drankriders oanhâlden yn Ljouwert

Alkoholkontrôle (argyffoto) © Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitenacht twa autobestjoerders oanholden dy't mei drank op achter it stjoer sieten. In 24-jierrige ynwenner fan de gemeente Menameradiel waard yn de Valeriusstrjitte yn Ljouwert oan de kant setten. De begjinnend bestjoerder moast mei nei it buro. Dêr hat er in boete fan 300 euro krigen foar it riden mei drank op.
Letter moast ek in 20-jierrige Ljouwerter blaze. Omdat hy noch mear dronken hie, moast er syn rydbewiis ynleverje. Hy moat him meikoarten ferantwurdzje foar de plysjerjochter. Ek moat er in kursus folgje oer de gefolgen fan alkohol yn it ferkear.