Ombudsman tikket gemeente Ljouwert op 'e fingers

21 apr 2017 - 10:38

De gemeente Ljouwert hat te min dien om in frou mei in ferstanlike beheining te begelieden nei passend wurk. Dat seit de Nasjonale Ombudsman. De frou kaam twa jier lyn thús te sitten nei't se in funksje krigen hie dy't net passend wie. De gemeente Ljouwert hat dêr neat oan dien neffens de Ombudsman. Wol yn wurden, mar net yn dieden. Sa makke de gemeente ôfspraken mei de mem fan de frou, mar dy ôfspraken kaam de gemeente net nei.

De Nasjonale Ombudsman fynt dat Ljouwert no echt yn aksje komme moat. Ek moat de gemeente it by oare gefallen net mear safier komme litte. De Ombudsman jout oan alert te bliuwen op boargers dy't yn de ferdrukking komme, lykas minsken mei in arbeidsbeheining.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)