Priis foar film fan NHL-studinten oer Burdaard

21 apr 2017 - 07:49

De film Het kloppend hart oer Burdaard hat tongersdeitejûn op it filmfestival Doarpskrêft de sjuerypriis wûn. De film is makke troch seis kommunikaasjestudinten fan de NHL yn Ljouwert. Sa'n 150 learlingen fan dy oplieding filmen dizze wike yn 25 Fryske doarpen om de krêft fan sa'n plak yn byld te bringen. Neffens de sjuery is dat yn Burdaard it bêst slagge. De doarpssupermerk stiet sintraal yn de film.

De publykspriis gie nei in film oer Arum. Alle ferhalen foarmje mei elkoar in portret fan it doarpslibben yn Fryslân. De studinten filmen ûnder oare ek yn Aldeboarn, Bontebok, Molkwar, Wommels en Jistrum. De films wurde oanbean oan it Fries Film Archief. Se binne fan freed ôf te sjen op YouTube.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)