Sjongers Metz binne troch nei liveshow fan 'Jij en ik'

Sjonger Sander Metz en syn dochter Esmee (9) binne troch nei de liveshow fan 'Jij en ik' op stjoerder NPO 1. 'Jij en ik' is in wedstriid fan War Child wêrby't âlden mei harren bern in filmke ynstjoere moatte dêr't se in liet yn sjonge. Doel dêrfan is sjen te litten dat de relaasje tusken âlden en bern hiel wichtich en moai wêze kin, en dat in soad bern yn in oarlochssituaasje dat misse moatte. De Metzen brochten in akoestyske ferzje fan 'Work from home' fan Fifth Harmony.
Sander en Esmee meie harren liet no spylje op 14 juny yn de telefyzje-útstjoering fan War Child by NPO 1. It filmke wêrmei't se harren pleatst hawwe, is mear as 23.000 kear besjoen.