Fiif jier sel easke foar jierrenlange ûntucht mei dochters

20 apr 2017 - 20:41

Yn in tweintich jier âlde ûntuchtsaak is tongersdei yn Ljouwert fiif jier sel easke tsjin in 55-jierrige ynwenner fan Drachten. De man soe fan ein jierren tachtich ôf syn twa dochters seksueel misbrûkt en ferkrêfte hawwe. Neffens de slachtoffers barde dat alle wiken, en faak ek alle dagen. By de iene dochter soe it misbrûk begûn wêze doe't se trije jier âld wie, de oare dochter wie in jier âlder. De famkes soene sa'n alve jier lang misbrûkt wêze. De fertochte die dit op alle mooglike plakken: syn eigen sliepkeamer, op de sliepkeamer fan de famkes, op de gong, yn de berging, yn de garaazjeboks, yn de wenkeamer en sels bûtendoar.

Oanjefte

It jongste slachtoffer die yn 2015 oanjefte tsjin de fertochte. Se hat lang hope hân dat se der mentaal wol út komme koe. Mar dat slagge net. Neffens de offisier fan justysje hawwe beide slachtoffers te krijen mei groanyske posttraumatyske stress.

De slachtoffers hawwe beide in slachtofferferklearring skreaun dy't yn de rjochtbank foarlêzen waard troch fertsjintwurdigers. Hjiryn joegen de susters oan dat se foar it libben tekene binne. Se wolle 30.000 en 35.000 euro smertejild fan har heit hawwe.

Minimaal bewiis

De fertochte seit dat er ûnskuldich is, en hy seit net te witten wêr't de beskuldigingen weikomme. It bewiis tsjin de man is minimaal. Dit hie de offisier fan justysje ek troch. Utsein de ferklearringen fan de susters is der amper oanfoljend bewiis. Oer de betrouberens fan de oanjeften sei de offisier fan justysje dat de ferklearringen fan de susters oerienkomme. De Ljouwerter rjochtbank docht op 4 maaie útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)