Bûtenlânske boeren bringe besite oan Fryslân

20 apr 2017 - 21:10
  • Marten Dijkstra (rjochts) yn petear mei de bûtenlânske boeren

Bûtenlanske boeren binne ûnder de yndruk fan de organisaasje en de hege produksje fan Nederlânske boeren. Mar se sjogge ek de problemen fan it romtegebrek, en de fersmoarging dy't in soad krityk opsmyt. Dat docht bliken út in besite fan in groep ynternasjonale agrariërs dizze wike oan Nederlân.

De boeren reizgje seis wiken lang de wrâld rûn op kosten fan de Nuffield-organisaasje. Tongersdei wie Fryslân oan bar. De bûtenlânske boeren gongen op besite by Marten Dijkstra yn Aldeboarn. Nuffield is in ynternasjonale organisaasje dy't beurzen útrikt oan fernijjende boeren om harren fierder te ûntwikkeljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)