Sel foar Noardburgumer (73) foar slaan plysjeman

© ANP
In 73-jierrige man út Noardburgum moat trije dagen de sel yn om't er in plysjeman in stomp jûn hat. De man wie op 10 jannewaris oanhâlden yn Burgum om't er gjin riem om hie yn de auto. Doe't ek bliken die dat er gjin papieren by him hie, skreau de agint in bon út. Dêrop reagearre de Noardburgumer troch de agint in klap tsjin it skouder te jaan. De âldere man soe neffens de offisier fan justysje 'ûnploft' wêze. Hy moast mei pepperspray oanpakt wurde. Tsjin de plysjerjochter sei de fertochte dat er wol wist dat er fout siet. Troch eardere negative ûnderfiningen mei de plysje, hie er sa agressyf reagearre, sa sei er sels.
Gewoanwei stiet der in moanne sel foar it mishanneljen fan in agint, mar de rjochter hat rekken hâlden mei de leeftiid fan de man, en it feit dat er mei pepperspray bespuite is. De offisier easke acht dagen sel, wêrfan fiif ûnder betingst. De rjochter gie dêryn mei.