Janieke Popma komt dit seizoen mooglik noch wol yn aksje

© Martin de Jong
Libero Janieke Popma fan VC Snits kin mooglik dit seizoen noch wol yn aksje komme. Woansdei foel se út mei in blessuere, yn de wedstriid tsjin Alterno. Ut in echo die tongersdei bliken dat der gjin grutte skea is. Dat is goed nijs foar VC Snits, om't Popma de iennige libero yn de seleksje is. Snein tsjin de Flamingo's is Popma der noch net by. As Snits snein wint, helje se de finale om it lânskampioenskip en dêryn is Popma nei alle gedachten wol wer ynsetber.
Yn dy mooglike finale kin coach Petra Groenland yn alle gefallen net beskikke oer Quinta Steenbergen. Steenbergen is yn ferwachting. Takom jier falt ek Volkers fuort. Sy giet op reis. Snein wurdt der ôfskied nommen fan beide froulju. Mooglik dat beiden yn de takomst noch wol wer weromkomme by VC Snits.