Man wol beam ôfseagje en rekket beknipe by It Surhústerfean

© Srfotografie
By It Surhústerfean is tongersdeitemiddei in man ferwûne rekke, doe't er in stik fan in beam ôfseagje woe. De man siet inkelde meters heech yn de beam mei syn earm fêst. De brânwachtkorpsen fan It Surhústerfean en Drachten binne útriden en hawwe mei in trep besocht de man te befrijen.
Ek it mobyl medysk team kaam mei in traumahelikopter te plak. It is net bekend hoe slim de man krekt ferwûne rekke is.