Margriet Bergstra útskeakele op EK judo yn Warschau

Judoka Margriet Bergstra fan De Lemmer is tongersdeitemiddei útskeakele yn de twadde ronde fan it Europeesk kampioenskip judo yn Warschau. De 23-jierrige Bergstra ferlear yn de klasse oant 57 kilogram har duel mei de Bulgaarske Ivelina Lieva, de nûmer twa fan it foarige EK.
Nei ôfrin fan de wedstriid wie de Lemster benammen teloarsteld, sa fertelde se tsjin de kollega's fan de NOS. ''Ik begûn te weak'', seit Bergstra. ''Ik bin teloarsteld yn de wize wêrop't ik ferlern ha. Twa wiken lyn wûn ik noch fan har, mar ik ha hjoed net alles jûn.'' It wie foar Margriet Bergstra har earste Europeesk kampioenskip judo.