Bestjoerder klapt mei auto tsjin fangrail op A32 by Akkrum

20 apr 2017 - 12:19

In bestjoerder is yn de nacht fan woansdei op tongersdei ferwûne rekke by in iensidich auto-ûngelok op de A32 by Akkrum. De automobilist rekke de kontrôle oer it stjoer kwyt en klapte tsjin de fangrail. Hy is foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs MCL yn Ljouwert. Der is ek in bloedproef ôfnommen, sa meldt de plysje. De auto rekke swier skansearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)