''As lytse mantsjes wiene wy al by de cross''

21 apr 2017 - 07:23

Keningsdei, op dy dei stiet der yn Blauhús mar ien fraach sintraal: Wa wurdt de King of Dirt? Oftewol, wa wint de Kings Battle. Speedway Blauhús stiet tongersdei 27 april wer fol mei racefanatisy foar dy spektakulêre races en Omrop Fryslân is dêr live. Yn de oanrin nei dat barren komme wy alle dagen mei in portret fan in racer.

Ien fan de teams dy’t meidocht oan de Kings Battle is Team Dibbes. Oan de bruorren Willem en Wybe de Vries, racers foar Team Dibbes, stelden wy in oantal fragen:

Hoe meitsje jimme jimmesels klear foar in race?  
Willem: “Wy hawwe dit wykein twa crossen yn Blauhús dien. Dat wiene ek de earste crossen fan it seizoen. Ik haw wol flink wat skea riden, dus ik moat de boel wer meitsje. Alles moat opnij laske wurde en dan moat de auto wer op de skeal.”

Wybe: Natuerlik moatst de auto goed klearmeitsje. Ek bin ik wolris oan it karten foar in wedstriid, dat is ek goed om dy ta te rieden op in race. Mar oare crossen sjoch ik natuerlik ek as in ferbettering en tarieding. Ik wit no yn elk gefal wol wat ik it kommende jier ferbetterje moat.  

Willem, hoe lang racesto al en wêr komt dy passy wei?  
Willem: “No, ús heit en omke crossten al. De jongste broer fan ús heit wie monteur en syn âldste broer en hy crossten dan. Dy leafde foar it crossen is oerbrocht op alle bern fan myn omke. Al myn neven fan dy kant crosse. Iksels wie 19 doe’t ik begûn.

Wybe, lykas dyn broer Willem bisto troch heit de cross-wrâld ynrôle, dochs?  
Wybe: ‘’Ja kloppet! As lytse mantsjes wiene myn broer en ik der al by. Lykas by Willem wie it by my ek: sa heit, sa soan.’’

Binne jimme dan nea bang om ferwûne te reitsjen?  
Willem: “No eins net. It is eins hiel feilich. Foar de brânfeiligens haw ik in spesjaal pak oan en foar de skea hawwe de auto’s in rolkoai. Ik haw wolris wat hân, mar ja, dat heart derby.

Wybe: ‘’Opsich witst: ast der oan meidocht, dan kin der wat barre. Dêrneist hawwe wy de feiligens ek goed foarinoar. Ik haw bygelyks krekt in nije stoel foar yn de crosswein kocht, om’t dy feiliger is. Ik fiel my hielendal feilich yn myn auto.’’

Jimme auto's hawwe dus al wat skea oprûn? Hoe fiele jimme jimme dan as de auto oan stront is?  
Willem: “Tsja, it gie net sa sa’ it gean moast, mar dat heart der ek by. Ofrûne winter haw ik in nije motor krigen, dus ik wie al lang bliid dat myn auto it sa goed die. Mar it is natuerlik wol altyd de bedoeling om te winnen!”  

Wybe: ‘’No, tafallich haw ik dat dit wykein hân. Ik wie de earste trije races earste en doe yn ‘e finale fleach der in auto yn myn sydkant. Alles bruts ôf troch de klap. Dat fielt wol efkes rot, mar we sjogge gewoan wer foarút nei de folgjende cross.’’

Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/racing. De Kings Battle races binne op tongersdei 27 april live fan 13.00 oant 18.00 oere op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app te sjen. Jûns om 18.20 oere, en dêrnei alle oeren, is in kompilaasje hjirfan te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)