Omrop TIP: Blau de himel, grien it gers

Gers, de plantesoarte dy’t it lânskipsbyld fan Fryslân bepaalt stiet yn kwea deiljocht. Yn stedske gebieten ferdwynt it út it strjitbyld en út de túntsjes fan de minsken. Yn it bûtengebiet wurdt it ‘de griene woestyn’ neamd. Mar hoefolle witte wy eins fan gers? Hoe is it hjir telâne kaam? En wat kinne we der allegearre mei?

Lânskipsdiskusje

De lânskipsdiskusje spilet bytiden heech op yn Fryslân. Stiet it behâld fan in âld kultuergreidelânskip mei fûgels en blommefjilden de ûntwikkeling fan de lânbou en ekonomyske groei yn it paad? Of betsjut de trochgeande yndustrialisaasje fan it lânskip de ein fan de biodiversiteit?
De diskusje wurdt faak fierd oer de rêch fan boeren, boargers en natuer. Mar it giet benammen oer de rêch fan it gewaaks dat de katalysator foarmet fan de problematyk, gers. Gers is oan de iene kant it byldbepalende lânskipselemint fan Fryslân, mar wurdt oan de oare kant hieltyd faker sjoen as it grutte kwea. Gers soe te keunstmjittich bebuorke wurde en dêrtroch syn funksje ferlieze as boarne foar ynsekten, blommen en greidefûgels.

Geheimen fan it gers

Fryslân DOK sil yn in trijelûk, opdield yn trije seizoenen, op syk nei alle geheimen fan it gers. Mei wittenskippers, boeren en boargers wurdt der sjoen nei de skiednis fan gers, de skaaimerken en tapassingen derfan, no en letter. Om te ûntdekken hoefier gers yndied ferwurdt ta in grien meunster of de kaai is foar oplossingen yn de takomst.
De Fryslân DOK dokumintêre 'Blau de himel, grien it gers: diel 1’ is op snein om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. De dokumintêre is ek te sjen op NPO 2 op sneon om 15.30 oere en snein om 13.00 oere.