Nije Estafettewinkel moat 'recycle boulevard' wurde

Offalferwurker Omrin wol mei de nije Estafettewinkel oan de Voltastrjitte yn Ljouwert in 'recycle boulevard' kreëarje. Njonken de kringloopwinkel, komt der ek romte foar ûndernimmers en studinten dy't dwaande binne mei inisjativen op it mêd fan sirkulêre ekonomy. Boppedat kinne minsken dy't dreech oan in baan komme, der wurkûnderfining opdwaan en komme der staazjeplakken en bygelyks deibesteging foar minsken mei psychyske problemen.
Omrin wol ein dit jier los mei de bûlevaar. It nije ûnderkommen wurdt achttûzen kante meter grut.