"Is previntyf romjen by fûgelgryp wol needsaaklik?"

Hinneboeren bliuwe wach op in eventuele nije útbraak fan fûgelgryp, ek no't de ophokplicht net mear fan krêft is. Dat seit Piet Faber fan boerebelange-organisaasje LTO Noard. De útbraak fan fûgelgryp hat de sektor miljoenen koste.
Faber fynt dat de sektor him ôffreegje moat oft de maatregels wol koste-effisjint west hawwe. It kin samar wêze dat it hielendal net nedich is om alle hinnebedriuwen yn in straal fan 1 kilometer om in besmetting hinne te romjen, seit er. De fûgelgryp is de lêste jierren noait fan bedriuw nei bedriuw oerslein.