Sûnensplein GGD by faksinaasje famkes

Yninting tsjin limoerhalskanker ('baarmoederhalskanker') yn de Camminghahal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Eric Ennema
De GGD Fryslân jout by de faksinaasjes fan famkes ek ynformaasje oer feilich en sûn libjen. Dizze moanne en ferline moanne binne der wer massale faksinaasjes. Op It Hearrenfean, yn Drachten en Ljouwert is op de lokaasje fan ynintings in saneamd sûnensplein. Alden en bern kinne dêr mear te witten komme oer feilich en sûn libjen.
De GGD hat alle famkes fan 9 en 13 jier oproppen foar in yninting. De 9-jierrigen krije in prik tsjin DTP (diftery, tetanus en polio) en tsjin BMR (bof, mûzels en reade hûn) De 13-jierrigen krije de earste prik tsjin HPV. Troch dy inting hawwe de famkes minder kâns op limoerhalskanker ('baarmoederhalskanker'). De twadde HPV-prik is dan nei de simmerfakânsje.
In soad bern giene foarhinne dea oan ynfeksjesykten. Dêrom waard yn 1957 in Ryksfaksinaasjeprogramma opsteld. Earst wiene der faksins tsjin diftery, kinkhoast, tetanus en polio. Dêr kamen letter oare faksins by. No binne it tolve.