Priis Tûmba foar projekt 'flechtling fertelt yn de klasse'

Tûmba
It diskriminaasjemeldpunt fan Tûmba krijt dit jier de Brespriis fan it fûns en it gebou De Bres yn Ljouwert. It bestjoer fan dat fûns rikt de Brespriis ien kear yn de twa jier út. Dêr heart in bedrach fan 500 euro by.
Tûmba krijt de priis foar All Together. By dat projekt wurdt in flechtling útnûge op in skoalle. Learlingen yn de klasse gean dan mei him of har yn petear. De priis wurdt útrikt by ien fan de lessen, op ROC Friese Poort yn Ljouwert, troch foarsitter Sjoukje Schade fan De Bres.