Lútsen Kooistra docht appèl om nei te tinken: Wêr stean ik

Lútsen Kooistra nimt freed 21 april ôfskied as haadredakteur fan it Friesch Dagblad. Dêrby wurdt ek it boek 'Niet geknecht' presintearre. It giet oer de tiid dat it Friesch Dagblad as iennige Nederlânske krante yn de Twadde Wrâldoarloch de moed hie om de krante stop te setten yn 1941. Se woenen net ûnder de macht fan de Dútske besetter komme. Plakferfangend haadredakteur by it Friesch Dagblad út dy tiid, Jan de Haan, skreau dêr in deiboekferslach oer.
"Wat ha ik oer foar myn prinsipes"
Kooistra fynt it belangryk dat dit no noch omtinken krijt. It manuskript fan Jan de Haan is no as boekje útbrocht en hy sjocht in dúdlike link mei no. Yn it neiwurd docht Kooistra in appèl oan sjoernalisten om nei te tinken oer fragen as 'Wêr stean ik' en 'Wat ha ik oer foar myn prinsipes'.
Ek de takomst fan it Friesch Dagblad giet oer it fêsthâlden oan prinsipes. De situaasje yn de oarloch jildt ek foar no. "It wêzen fan it Friesch Dagblad is no, krekt as yn de oarloch, 'Wy binne frij'. Wy ha in frije ferantwurdlikheid út in oertsjûging wei. As dat net mear kin, moatte je je ôffreegje oft je noch trochgean moatte."
Film
It Friesch Dagblad en Omrop Fryslân makken yn oparbeidzjen mei-inoar in film fan it ferhaal 'Niet geknecht'. De film is bysûnder om't it orizjinele ferhaal as in strip ferteld wurdt. Kooistra hat de film al sjoen en fynt him prachtich: "De tekeningen ûnderstreekje de ympakt fan it ferhaal dat ferteld wurdt. It is moai ynsprutsen kwa sfear en tempo. Ik bin der hiel wiis mei en ik tink dat it in soad minsken reitsje sil."
Ofskied
Lútsen Kooistra (1951) nimt offisjeel mei yngong fan 1 maaie 2017 ôfskied as haafdredakteur fan it Friesch Dagblad. Hy hat goed tweintich jier haadredakteur west. Hy waard yn 1994 beneamd as haadredakteur, letter ek as direkteur fan it Friesch Dagblad.
De Ljouwerter wurke earder by it Nederlands Bijbelgenootschap (NBG) yn Haarlem, as haad kommunikaasje. Dêrfoar wie er sjoernalist (1984-1992) by Het Binnenhof, in fan oarsprong roomsk-katolike krante yn Den Haag. Hy begûn syn sjoernalistike karriêre by it Friesch Dagblad yn 1972. Hy is oplaat as ûnderwizer.
Hy sjocht syn ôfskied as in fanselssprekkend momint yn de tiid. Neffens him is der reden foar ferwûndering: “By myn oantreden murk ik by in soad minsken grutte skepsis oer de takomst fan it Friesch Dagblad. It is bysûnder dat goed tweintich jier letter de krante in nije stap nei de takomst set.”