Omrop makket bysûndere film oer Friesch Dagblad yn WOII

It Friesch Dagblad en Omrop Fryslân hawwe yn oparbeidzjen mei-inoar in film makke fan it ferhaal 'Niet geknecht', oer de krante yn de Twadde Wrâldoarloch. De film is bysûnder om't it orizjinele ferhaal as in strip ferteld wurdt.
It Friesch Dagblad hat as iennige Nederlânske krante yn de Twadde Wrâldoarloch de moed om de krante stop te setten yn 1941. Oanlieding is de ferplichting om lid te wurden fan de Dútske parseferiening, sa kin de besetter alle media yn de greep fan de sensuer krije. In riskant beslút, want it is ek in died fan ferset. Mar foar de wurknimmers en it bestjoer fan de krante is it fuort dúdlik: we wurde gjin lid. De meiwurkers reitsje har wurk kwyt en binne de rest fan de oarloch ûnderholden troch de abonnees.
Deiboek
Ien fan de ferslachjouwers en plakferfangend haadredakteur by it Friesch Dagblad út dy tiid, Jan de Haan, hat as in deiboekferslach de ûntwikkelingen stap foar stap beskreaun. Hoe’t de krante hieltyd mear ûnder druk fan de Dútsers set wurdt en hoe’t de meiwurkers dêr nachts wekker fan lizze. De dilemma’s dêr’t se mei te krijen hawwe en hoe’t dêr oer diskusjearre wurdt. Hoe’t der drige wurdt mei in ferbod op it útbringen fan de krante en it gefaar dat se op in stuit rinne om arrestearre te wurden. En dan hoe’t de krante de eare oan himsels hâldt troch de krante stop te setten en sa ‘niet geknecht’ is.
Byldferhaal
It idee om de orizjinele Nederlânske tekst as byldferhaal te bringen, kaam fan programmamakker Bart Kingma. “Myn útgongspunt wie om de tekst yn syn wearde te litten. It is sok moai, argaysk taalgebrûk mei in djip grifformearde toan, dy tekst moast oerein bliuwe. It ferhaal ferfilmje soe te djoer wurde, doe tocht ik oan in harkspul en dêrwei bin ik op it idee fan de tekeningen kommen.”
Mear as hûndert tekeningen
Yllustrator Laurens Bontes fan Ljouwert makke dêr de tekeningen by. “De oorlogstijd is behoorlijk zwart en grijs, dat moest terugkomen, maar het moest ook huiselijk zijn en mooi. Ik heb het verhaal in stukken opgedeeld en ben begonnen te schetsen, al gaandeweg kreeg het zo vorm en werd het levend.”
Hy hat in soad research dwaan moatten om út te finen hoe’t gebouwen en minsken der yn dy tiid útseagen om it sa realistysk mooglik del te setten. Hy moast sels ek dingen betinke. “Om gaten in het verhaal op te vullen, als iemand droomt bijvoorbeeld, daar moest ik een vorm voor vinden. Dat zijn huiselijke scenes geworden, waarschijnlijk is het niet zo gebeurd, maar daardoor komt het verhaal wel dichterbij.” Laurens Bontes hat in healjier oan it tekenjen west, al syn tekeningen op elkoar foarmen in steapel fan likernôch sân sintimeter. Hugo Bosgraaf en Joël Puik, grafyske foarmjouwers by Omrop Fryslân, ha alle mear as hûndert tekeningen achter elkoar oan set.
Teksten binne liedend
De orizjinele tekst is ynsprutsen troch akteur Thijs Feenstra. “Ik ha oeren mei Thijs sitten,” fertelt Bart Kingma. “Sintsje foar sintsje ha we de tekst trochnommen, om de goede toan te finen, en te sjen watfoar wurden klam krije soenen. Hy moast de tekst sels fiele en dat is hiel goed slagge neffens my. De taal en wurden dy’t De Haan brûkt hat yn syn ferhaal, binne tekenjend foar de tiid en it grifformearde karakter fan it Friesch Dagblad fan doe, en hawwe liedend west foar it meitsjen fan de film." Mei elkoar hat it projekt in jier duorre.
De oantekeningen fan Jan de Haan binne nei de oarloch oardere en as brosjuere útbrocht: Niet geknecht. Yn de parseskiednis yn de Twadde Wrâldoarloch wurdt lykwols neat meld oer de stap fan it Friesch Dagblad. Besteande kranten lykas De Telegraaf binne meigien yn it Dútske gesach. It Friesch Dagblad is in ljochtpuntsje op in tsjustere side yn de skiednis fan de Nederlânske kranten.
De film is sneon 22 april by Omrop Fryslân telefyzje te sjen om 17.00 oere en om 18.20 oere en wurdt dêrnei alle oeren werhelle. Haadredakteur Lútsen Kooistra skoot tongersdeitemiddei om 16.00 oere oan by it radioprogramma Weistra op wei en om 17.00 by Fryslân Hjoed.