Oer trije jier moat Fryslân oeral rap ynternet ha

Sa'n 95 persint fan de saneamde 'wite gebieten' fan Fryslân moat oer trije en in heal jier in rappe ynternetferbining hawwe. De provinsje sil dêrfoar in liening beskikber stelle oan bedriuwen dy't dêr foar soargje wolle. It giet om gebieten dêr't no eins kwalik ferbining is.
Mei help fan glêsfezel moat dat oplost wurde. De provinsje besiket dat al jierren foar elkoar te krijen, mar foar merkpartijen wie it oant no ta finansjeel net oantreklik. Earder besocht de provinsje it al mei subsydzje, mar dat mocht juridysk net. Deputearre Sietske Poepjes hat der lykwols alle betrouwen yn dat it mei in liening oan de merkpartijen wol slagje sil.