Gjin nij parkearterrein yn Hollum op It Amelân

De Coop yn Hollum © Google Street View
De Ried fan Steat hat in streek set troch de oanlis fan in nij parkearterrein by De Hagen yn Hollum op It Amelân. Neffens de rjochter hat de gemeente net genôch ynformaasje oanlevere oer de oanpassing fan it bestimmingsplan. Dat hie de steatsried yn in eardere tuskenútspraak wol easke. No't dat net dien is, hat de Ried fan Steat it hiele bestimmingsplan ferneatige.
Earder stapte wethâlder Will Bakema op om dizze kwestje. De gemeente hie mei Douwe Bakker fan de COOP-supermerk ôfspraken makke oer it fergrutsjen fan it parkearterrein. Dêrfoar moasten fjouwer gemeentlike húskes op Bakkers grûn sloopt wurde. Neffens de gemeenteried wie se net goed ynformearre oer de ôfspraken tusken de gemeente en de ûndernimmer. Der lei in moasje fan wantrouwen klear foar Bakema, mar dy wachte dit net ôf en stapte op.