Kollum: "Guozzeboeren"

"As ik foar de neisoarch yn it fjild kom dan hear ik inkel mar gak/gak. En as ik dan trochstap fljogge kloften guozzen omheech. De tûke skries siket dat eagenblikje fansels ek út om te ferskowen en ik rin foar lul yn it fjild. Der bin noch in alderheislikst soad guozzen. Al sizze Natuermonuminten en it Fryske Gea ynienen dat der like folle oerwinteren as ferline jier. Nee. Der bin no folle, folle mear. Se bliuwe ek folle langer oan de Costa del Fryslân. Watte, se lizze hjir sels aaien del. Dy fyn ik lekker, bakt mei spekjes en sjampinjons. Noch it Fryske Gea, noch Jehannes Kramer fine it slim dat ik der sa no en dan in pear fan opyt. Sterker, it past harren wol, want se binne beide dwaande de guozzestân yn te damjen.
Halbe Hettema is sjoernalist. Hy docht in soad yn fûgels. Dan strúnt hy as in aaisiker troch gearkomstesealen. Hjir en dêr efkes stilstean, dan efkes mûskopje, sa no en dan efkes hearre, der noch mei in stokje wat yn omriere. Sa wist hy ús tiisdei fia de krante te fertellen dat se dat yndamjen no opnij útfûn ha. Mar ek dat Fryske Gea en Natuermonuminten dêrop tsjin binne. Watte, se tekenen it stikeme provinsjale ferhaal op as stipe oan de boeren. As boeren in iiskobak of in molketaap iepenje mei elkenien komme. As se in hearlik menu foar de goes plantsje fine se dat dy bisten opsoademieterje moatte. Of it moat wêze dat dy idioate oerheid dêr mar genôch foar betelje wol. Dat docht de oerheid. 10 miljoen skeafergoeding. Dus komme der hieltyd mear guozzen, Jehannes Kramer betellet wol.
Dêr moat in ein oan komme, en no moatte de jagers it dwaan. Dy wolle it leafst in healoere foar dat de sinne opkomt troch it lân krûpe nei de plakken dêr’t guozzen yn it wetter lizze te sliepen. En dan yn ien kear geweldich sjitte, efkes dat gefoel fan Trump of Assad. Mar se moatte op 150 meter bliuwe, no dan moat je wol wat oars as in Noard-Koreaansk gewearke ha. Wa mjit dat nei trouwens? Se meie foar it oare wol in lokluitsje ha, mar dan kom ík inkeld mar. It is de bedoeling dat de jagers mei dat sjitten tsjin de goes eins sizze “gean no nei de tastiene foeraazjegebieten, hjir is in bryfke foar de rûte.” Mar dan blykt dat de guozzen noch net yntegreard binne, se kin net lêze. Se kin inkeld gers rûke. Mar mei de nije oerienkomst ha de jagers de foedselguozzerûtes nei Afrika en Súd-Amearika al klear. En aanst is it Waadgebiet in rike merk foar: wy kokaïne en jim rikke guozzehalskes.
Yndachtich de lear fan Marianne Thieme bin Fryske Gea en Natuermonuminten wat weromhâldend oer dy nije guozzerigels. Dy’t aanst foar it oare de prullebak yngean, want it fergoedingsstelsel is sa yngewikkeld dat elkenien der yn omkomme sil. Dy wol, dy net, dy 20 persint, dy wat minder en dy hat ferline jier tefolle krige dus dy moat no wat mear betelje. Dan giet de molkepriis omheech en dan kin se de helt wol wer betelje. Op it iene plak sliept in boer de hiele winter en hat buordsjes “ferbearn foar jagers” op syn hiem stean. En buorman besiket nijmoadrige halogeenflitsen oer syn lân te stjoeren, mar moat likegoed elke dei syn hiele greide ôfsykje nei guozzekeutels om te bewizen dat der echt safolle wienen. En dan seit de oerheid dat der dan wer minder dong útriden wurde mei want de guozzen ha it kwotum al folskiten.
Unsin, mar ik jou inkeld mar oan dat it in ûnûntwarbere knoop is dêr’t Jehannes Kramer yn waaid is. Der is net in oplossing. En dat moat eins ek net. Henk Kroes syn kredo út syn begjintiid by it Gea wie ommers altyd dat je natoer net meitsje moatte. Natoer is gewurde litte wat der bart. Sa hat Fryslân altyd pronke mei wat hjir te finen wie. It is fansels o sa wichtich dat in ko in mingel molke mear jout. Mar as dêrmei Fryslân dan natoerearm wurdt. Lân fan yndustriële boeren en jagers, dêr’t de sikenhuzen fol lizze mei lânskipspinepasjinten. Wol we dochs net?"
Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.