Estafettewinkel Ljouwert nei ferhuzing folle grutter

De kringloopwinkel fan Omrin Estafette yn Ljouwert krijt fan 1 septimber ôf folle mear romte. De winkel komt yn de wenbûlevaar oan de Voltastrjitte yn de stêd en hat dan de beskikking oer mar leafst achttûzen kante meter. No is dat noch trijetûzen kante meter. It besteande ûnderkommen oan de Zwettestrjitte is te lyts en hat te min parkearromte.
Omrin hiert de romte fan de wenbûlevaar fan de famylje Kapenga, ek bekend fan de grutte meubelsaak yn Wolvegea. De Kapenga's op harren beurt krije der yn septimber wer in nije winkel by yn Ljouwert.