Sionsberg wreidet soarchoanbod út

Sikehûs Sionsberg yn Dokkum wreidet fan 1 juny ôf de soarch út. Dat is tiisdeitejûn bekend makke op in ynformaasje-gearkomste yn it sikehûs. Besikers koene dêr fragen stelle en krigen ynformaasje oer de stân fan saken by it sikehûs en de útwreiding dy't kommendewei is.
Sa sil ûnder oare de saneamde 'leechkomplekse' akute soarch yn de jûnsoeren útwreide wurde. Dit hâldt yn dat pasjinten dy't akute soarch nedich hawwe by in húsdokter yn it sikehûs telâne kinne foar it meitsjen fan foto's en bloedôfname.