Trajectum GGZ: 2 miljoen tsjin ûnderbesetting

De lokaasje fan Trajectum yn Appelskea © Google Streetview
De ried fan bestjoer fan GGZ-ynstelling Trajectum lûkt mear as twa miljoen euro út om de ûnderbesetting oan te pakken. Neffens fakbûn FNV is it ekstra jild it resultaat fan de aksjes fan it personiel. Dat hie earder in swartboek makke oer de hege wurkdruk. As gefolch dêrfan soene kliïnten earder yn de isolearsel set wurde.

Trajectum is in soarchynstelling mei alve lokaasjes yn it noarden en easten fan it lân en bedoeld foar pasjinten mei slimme gedrachsproblemen of mei psychiatryske klachten. Yn Fryslân hat de soarchynstelling lokaasjes yn Appelskea, Easterstreek en Ravenswâld.