Tolve 'boskhúskes' by camping Stortemelk op Flylân

De fakânsjegonger op Flylân kin fan dit seizoen ôf yn in boskhúske útfanhûs. Flakby camping Stortemelk wurde 12 nije fakânsjehúskes boud. Stichting recreatiebelangen Vlieland wol mei de boskhúskes benammen in duorsum en grien karakter útstriele. Sa wurde de húskes trochspield mei ôffalwetter en wurdt der gebrûk makke fan LED-ferljochting. Ek is der gjin gas-oansluting yn de húskes mar wurdt der elektrysk iten sean en wurde de wenten ferwaarme mei palletkachels.

Ek wurdt de ferljochting yn de bosk oanpast oan it duorsume karakter. De led-ferljochting komt fan lytse houten pealtsjes en skynt nei ûnderen. De paden binne ûnferhurde. "Het moet echt het 'bosgevoel' uitstralen", sa seit direkteur Jan van der Veen fan Stichting Recreatiebelangen Vlieland. De boskhúskes binne spesjaal foar it bosk ûntwurpen. Mei nammen as Woodrock, Beukenootje of Spider moat de toerist it gefoel krije dat se midden yn de natuer ferbliuwe.

De camping hopet mei de boskhúskes in nije merk oan te sprekken. "Mensen kunnen kiezen voor tenthuisjes bij ons op de camping, maar als ze verder kijken dan komen ze over het algemeen op het eiland al snel in de wat grotere huizen terecht. Wij willen daartussen gaan zitten, door voor redelijk modale prijzen deze twaalf huisjes aan te bieden." Camping Stortemelk hat yn dizze wike de earste hierders fan fêste plakken alwer op de camping. Ek de tariedings foar it heechseizoen binne folop oan de gong. Sa wurdt de kafetaria fan rekreaasjeromte 'de Bolder' folslein fernijd en wurdt de keuken fan it restaurant útwreide.