Kollum: "Het is oorlog. Het is echt oorlog"

"In útspraak dy’t Donald Trump op in stuit dwaan kin, of Kim Jong-un, no’t de spanningen tusken beide lannen heech oprinne. Mar de útspraak dêr’t dizze kollum mei begjint waard foarige wike dien troch Sijbrand Nijhoff, in 76-jierrige, stege Grinslanner boer út Zijldijk. Hy sei it mei de triennen yn de eagen. Hy sei it omdat it lân alle dagen yn beweging is, ek al is der gjin sprake fan in ierdbeving.
It docht nammentlik bliken dat der grutte ferskillen yn it grûnwetter sitte. De wetterspanning fluktuearret. Sleatten dy’t moarns ynienen droech stean, stean de oare deis splis fol. Der ferskine samar plassen wetter op it lân, sûnder dat it reint hat. Der komme spontaan kûlen yn de grûn. In lang spoar fan blauwe dridze fan wol in meter breed dwars oer de greiden.
As it grûnwetter sa bot hinne en wer giet jout dat mânske problemen. Yn it foarste plak mei de bebouwing. Hûzen en pleatsen fersakje. Mar it trochinoar skodzjen fan de grûnwetterhúshâlding hat ek ta gefolch dat it sâlt wurdt. Dat sâlte grûnwetter taast bygelyks jarrekolken oan, dêr’t betonrot fan komt. Yn it programma Brandpunt wie in jonge boer dy’t dêr syn noed oer útspruts. Hy hie al ferskillende skuorren yn de jarrekolk reparearje litten, mar der lutsen hieltyd wer nije yn. En syn noed jilde de kij dy’t dêr boppe stean…
Yn datselde programma fertelde Reinier Brongers fan StabiAlert dat de trillings fan in ierdbeving folle fierder rikke as de achttjin kilometer dêr’t de gasboarders fan prate. Brongers mjit mei spesjale apparatuer de seediken yn opdracht fan it wetterskip. Sa die bliken dat by in beving yn 2012 de seedyk by Lauwerseach omheech kaam en wer delsiigde. Dan hat men it oer in ôfstân fan tritich kilometer. Nei oanlieding fan dy gegevens hat it wetterskip yn Grinslân de opdracht jûn om de diken dêr foar 180 miljoen te ferswierjen.
De wetterskippen binne dêr dus dúdlik oer. De minsken dy’t dêr wenje ek, dy ûndergean alle dagen de realiteit fan in grûn dy’t yn beweging is, mei alle gefolgen dy’t dat hat foar bebouwing, minske en bist. Allinne de oerheid en de gasboarders nimme oant no ta harren ferantwurdlikheid net. Geolooch Peter van der Gaag, dy’t sels al 25 jier it grûnwetterpeil yn ’e gaten hâldt, seit tsjin dy partijen: sjoch ûnder it meanfjild, sjoch wat dêr allegear bart. Mar dat dogge de oerheid en u.o. de NAM net. Dat is ek de konstatearring fan Reinier Brongers. Dy stelt dat se yn De Haach net witte wolle wat der oan ’e hân is. Neffens him út eangst omdat it ûndergrûnsk proses ûnbehearsber is. En dus sizze se tsjin Sijbrand Nijhoff dat de problemen mei syn pleats troch achterstallich ûnderhâld komt (en foar it gemak de swierrichheden mei syn lân mar ferjitte), lûke se kontoerlinen dêr’t tafallich de djoerste skea-objekten bûten falle.
De sitewaasje yn Grinslân is it grutte skandaal fan dizze tiid. ‘De oerheid is der om ús te beskermjen,’ seit Nijhoff. ‘Mar dat docht se net. De oerheid is ús fijân. En dêrom sleep ik harren en de NAM foar de rjochter.’
Hy hat gelyk. Yn Nederlân anno 2017 is it net mear fanselssprekkend dat men jins rjocht krijt: men moat it helje. Foar my is Sijbrand Nijhoff in held. Yn in stille, fize oarloch."
Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.