Tûzenen besikers by iepening wettersportseizoen yn Terherne

It wettersportseizoen yn Fryslân is peaskemoandei iepene yn Terherne. Tûzenen belangstellenden kamen nei it wettersportdoarp. Rekreaasje-ûndernimmers diene der alles oan om it publyk foar harren te winnen. Sy hoopje op in goed seizoen en se ferwachtsje in soad Dútsers en Belgen.
Ferhierders fan boaten sette hieltyd mear yn op elektrysk farren sûnder in ronkende diselmotor. Dat is populêr ûnder toeristen. Neffens it Frysk wettersportbûn binne der dit jier in pear knipepunten: It gefaar fan te grutte frachtskippen op it wetter en it hurdfarren op de Burgumer Mar, dy't dêr eins te lyts foar is.