FIDEO: Jubileumedysje Aaipop úteinset yn Nijlân

It muzykfestival Aaipop lûkt peaskemoandei sa'n 2.500 besikers nei Nijlân. It is dit jier in bysûndere edysje. It is nammentlik de tritichste kear dat it holden wurdt. It festival stiet folslein yn it teken fan Fryske muzyk. "Us doel is net om te groeien. We wolle it Frysk delsette en stimulearje", seit foarsitter Romke Wielstra.
Der is noch wol plak foar mear besikers, mar dat is dus gjin needsaak. "We kinne útwreidzje, mar we fine it wichtich om romte te hâlden sadat minsken frij bewege kinne en fan tinte nei tinte rinne kinne."
Noch 30 jier
Guon Fryske artysten komme der al jierren, lykas Piter Wilkens. Foar bygelyks Twarres en Frerik de Swetser is it dit jier de earste kear dat se optrede op Aaipop. Neffens de artysten is it wichtich dat dit festival, dat ekstra omtinken oan de Fryske muzyk jout, der is.
Wat de organisaasje oanbelanget, kin it de kommende tiid moai sa trochgean. Wielstra: "As eltsenien kommen bliuwt, bliuwe we gewoan noch 30 jier bestean!"