Minimale ynspanning, maksimaal resultaat foar SC Cambuur

Sportklup Cambuur hat moandeitemiddei in minimale, mar wichtige 2-0 oerwinning boekt op Jong FC Utrecht, de nûmer 18 fan de Jupiler League. Yn in sawat leech en sfearleas Galgenwaard-stadion kaam it duel stadich op gong. Pas nei in kertier naam Cambuur it oerwicht en krige it ek de earste kânsen fia Sander van de Streek en Erik Bakker. Nei goed tweintich minuten kamen de Ljouwerters fertsjinne op foarsprong troch in goal fan topskoarer Van de Streek, syn 20e fan it seizoen. It like as wie Cambuur los: De Ljouwerters hiene de kontrôle en krigen de earste helte noch in pear kânsen op de 2-0.
De twadde helte liet lykwols in hiel oar byld sjen. Cambuur hie muoite kontrôle oer de wedstriid te behâlden en it duel op slot te goaien. Der waard sleau spile en dêrtroch ûntstiene der net in soad kânsen. It duel gie foar beide ploegen op en del, oant Tarik Tissoudali krekt foar it einsinjaal de 2-0 tsjin de touwen skeat en it duel spile wie.
Troch de oerwinning bliuwt SC Cambuur koprinner yn de striid om de fjirde perioadetitel.