Streppel: "We moeten leren langer goed te voetballen"

It wurdt sa stadichoan in repetearjend ferhaal: Hearrenfean begjint goed oan de wedstriid, komt ek faak op foarsprong, mar wit dat net fêst te hâlden en jout de wedstriid út hannen. De ferlerne wedstriid tsjin Ajax wie it achtste ferlies yn in útwedstriid op rige. Benammen it oantal tsjingoals út standertsituaasjes besoarget de minsken by de klup sa stadichoan pineholle.
Standertsituaasjes
Yn de earste tweintich minuten wie Hearrenfean de boppelizzende partij en hiene se twa of trije goals meitsje moatten. De tsjingoal falt dan út in corner. "We hebben er deze week nog op getraind, blijkbaar niet goed genoeg", sa sei trainer Jurgen Streppel nei ôfrin. It hat neffens him net safolle doel om wat oan de opstelling of oan it systeem te feroarjen. "Verdedigend hebben wij niet zoveel smaken en dat wisten we vantevoren." Streppel knypt him noch net mar: "We zullen meer doelpunten moeten maken om wedstrijden te winnen en laten we daar a.s. vrijdag maar mee beginnen."
We moatte Ajax mear sear dwaan
Stijn Schaars begong werris yn de basis, mar koe it ferskil ek net meitsje. "We hadden Ajax veel meer pijn moeten doen. Bij de 1-0 begon het publiek al te fluiten en maak je dan 2-0, dan lijkt het heel anders. Nu geef je het simpel uit handen." It liket dan dat it de Friezen ek net echt meisit, mar dêr is Schaars it net mei iens. It is neffens him ek in kwestje fan kwaliteit, dingen moatte goed dien wurde. As dat tsjin Ajax net dien wurdt, dan wurdt de tsjinstanner ûndersteboppen rûn. De wearberens fan de ploech sil omheech moatte, sa seit Schaars.
De oplossing
Neffens spits Reza Ghoochannejhad is de oplossing net sa yngewikkeld: "We moeten als spelers ons niveau halen en dat langer dan 20 minuten volhouden."