Tennisferienings sjogge leden ferdwinen en hâlde dermei op

Fryslân is alwer in tennisklup kwyt rekke. Tennisferiening Wurdum/Swichum lûkt de stekker der yn novimber út. It is gjin ynsidint, want de populariteit fan de sport rint werom. En dat fernimme de ferienings yn it oantal leden. De ôfrûne fiif jier bin der al fiif mei ophâlden. De klup oan de Swichumerdyk hie ea 150 leden op 1200 ynwenners. It oantal minsken dat yn de omjouwing wennet is tanaam, mar it oantal leden net. De teller stiet no op noch gjin 40 leden. It 25-jierrich jubileum wurdt noch krekt helle. As oarsaken wurdt de fergrizing neamd en it feit dat in soad jeugdleden opsein hawwe doe't it ekonomysk minder gong.
It slagge yn Wurdum ek net om in tal tige warbere frijwilligers by de klup te hâlden. Wat ek net helpt, is dat tennisferienings mear ûnreplikguod-belesting betelje omdat sy spylje op in ferhurde ûndergûn. Mei it ferdwinen fan de klup ferdwynt net allinnich in sportokaasje, mar ek in plak dêr't minsken elkoar moetsje kinne, sa seit it bestjoer. Der wurde plannen makke mei Doarspbelang om op itselde plak in wettersportfoarsjenning te krijen.
It tennisbûn KNLTB sjocht ek dat ferienings it dreech hawwe jeugd fêst te hâlden. Benammen yn de lytsere doarpen. Dêr is de konkurrinsje fan oare sporten grut.
Der binne op dit stuit net echt Nederlânske tennissers dy't as rolmodel tsjinje. Yn de heechtijdagen fan it tennisbûn diene de Nederlânske tennissers it goed op ynternasjonaal nivo. Sa wûn Richard Krajicek Wimbledon en pakten Paul Haarhuis en Jacco Eltingh alle titels yn it dûbelspul.