Opbringst earste Midnightwalk Frjentsjer giet nei skouting

De opbringst fan de earste Midnightwalk fan Frjentsjer giet nei de pleatslike Scouting Andromeda. Dat hat de organisaasje bekend makke. Goede doelen koenen har opjaan foar in bydrage fan de opbringst. In ûnôfhinkelike kommisje hat de kar falle litten op de skouting. Fan it jild sille nije tinten kocht wurde. De Midnightwalk wurdt hâlden op sneon 24 juny. De acht kilometer lange kuier fiert lâns strjitten, stegen en bysûndere gebouwen yn Frjentsjer.