Duinen Zathe ferwachtet mear besikers troch traapauto's

It ynsetten fan de traapauto's en de ferkearstoer fan it âlde ferkearspark Assen moat attraksjepark Duinen Zathe yn Appelskea in protte ekstra besikers opsmite. Dat seit eigener Herman Jasper. It ferkearspark yn Assen moast slute en de autootsjes binne ferhuze nei Appelskea. Jasper ferwachtet in topjier foar it attraksjepark. Net allinne fanwege de traapauto's, it attraksjepark hat okkerdeis ek in nije achtbaan bouwe litten.