Kommissaris Tichelaar: "Ik moast opstappe fan PvdA-top"

De top fan de Partij van de Arbeid hat de kommissaris fan de Kening fan Drinte Jacques Tichelaar ûnder druk set om der mei op te hâlden. Dat seit Tichelaar, ôfkomstich út Oranjewâld, yn in ynterview mei RTV Drenthe. Tichelaar gunde in provinsjale ferbouwingsopdracht oan syn skoansuster. Dêrtroch kaam er ûnder fjoer te lizzen en dat kaam de partijtop fan de PvdA min út yn ferkiezingstiid.
Partijfoarsitter Hans Spekman belle Tichelaar om te sizzen dat er mar better opstappe koe. Tichelaar is úteinlik ek opstapt, net fanwegen de druk fan de partij, mar omdat der gjin Steatelid mear wie dat him fertroude. Tichelaar seach gjin mooglikheden mear om oan te bliuwen.