FIDEO: Wa wurdt de nije trainer fan SC Cambuur?

Foar de safolste kear moat Sportklup Cambuur op syk nei in nije haadtrainer. It spekulearjen oer wa't dit wurde sil, is wer úteinset. Sportsjoernalisten Geert van Tuinen, Gerard Bos en Jaap Stalenburg setten de mooglike kânshawwers freedtemiddei op in rige yn Fryslân Hjoed.
Tongersdei waard bekend dat Sipke Hulshoff de kommende twa seizoenen wer assistint-trainer wurdt en dat de klup dus op syk giet nei in haadtrainer. Yn in earder stadium besleat Arne Slot al dat er de oerstap makket nei AZ. Hy wurdt yn Alkmaar assistint-trainer.