''Goede Vrijdag? Dat is Hemelvaart toch? Nee, Pasen!''

It is hjoed Goedfreed. Wylst Ljouwert noch bykomt fan The Passion hawwe tal fan tsjerken freed de doarren iepene. Mar wêrom ek al wer? Wat is Goedfreed en wat seit it ús? We fregen it freedtemoarn op de Ljouwerter freedsmerk en krigen in ferskaat oan reaksjes. Sa fertelde in studinte dat se meisjongt yn de Matthëus Passion, mar dat it ferhaal sels har neat seit. Oaren wisten kwealik wat it wie. ''Goede Vrijdag? Ja, dat is Hemelvaart nee, nee Pasen.''
Ek fertelde in frou dat it in soad foar har betsjut dat Kristus stoarn is oan it krús. "As ik dat leauwen net hie, wie it wol earmoedich foar my." De blommeman siet wat yn twifel. "Der barre hjoed-de-dei sa'n soad dingen wêrfan ik tink, ferdikkeme wêrom lit Hy dit no barre? Hy hat it dochs yn 'e hân?" De measten sieten der lykwols net sa mei: "It is gewoan in lekker lang frij wykein, wat útsliepe en brûnzje, hearlik!"