Fûgelgrypmaatregels fersoepele

© De Streekboer
De maatregels om fersprieding fan de fûgelgryp tsjin te gean, binne sûnt tongersdei in bytsje soepeler wurden. It ferbod om op plakken te kommen dêr't plomfee hâlden wurdt, is opheft en by it ferfier fan de fûgels hoecht gjin klinysk ûndersyk mear dien te wurden. De ophok- en ôfskermplicht en de oare feroarderings bliuwe jildich. De maatregels binne ynsteld troch it ministearje fan Ekonomyske Saken.
Neffens it ministearje is dúdlik wurden dat benammen it risiko fan fersprieding tusken bedriuwen ûnderling ôfnaam is.