Wethâlder Le Roy fan Harns krijt 'pedagogyske tik'

In pedagogyske tik. Sa omskriuwt wethâlder Maria Le Roy (Harlinger Belang) it debat oer har funksjonearjen woansdei yn de gemeenteried fan Harns. Opposysjepartij GrienLinks hie in moasje fan wantrouwen tsjin har yntsjinne nei oanlieding fan har hâlding by in foarstel ta wettertaappunten yn de binnenstêd.
Wim Kroon, fraksjefoarsitter fan GrienLinks, fielde him skoffearre troch de wethâlder. It wie foar him de drip dy't de amer oerrinnen die. Neffens him is der folle mear mis mei de hâlding en de kommunikaasje fan de wethâlder.
Giele kaart
De moasje helle it net, mar der wie wol krityk op de wethâlder. Benammen opposysjepartijen steure harren oan de wize fan kommunisearjen fan Le Roy. De VVD neamde it in giele kaart dy't útdield waard en rôp de wethâlder op no te begjinnen mei kommunisearjen.
'Gestrekt been'
De wethâlder lûkt har de krityk oan en sil besykje wat oan har gedrach te dwaan. Oan de oare kant ferraste de kommoasje har ek. Neffens har is polityk wurk fan folwoeksenen en wurde somtiden minsken teloarsteld troch belied fan it kollleezje.
As riedsleden problemen mei har gedrach of hâlding hawwe, ferwachtet se dat dat direkt tsjin har sein wurdt. Dat is troch hast net ien dien. Boppedat hat se in soad goed dien foar de stêd yn oparbeidzjen mei oaren, fynt se. Dat se der wolris mei 'gestrekt been' yngiet, heart by it politike spul.
Fertrouwen
De peaskedagen sil Le Roy neitinke oer wat der woansdeitejûn allegear sein is. Se hat alle fertrouwen dat se har wurk yn Harns goed ôfmeitsje kin.