Bou nije sosjale hierwenningen yn Twizelerheide

De Stichting Woningbouw Achtkarspelen sil nije sosjale hierhuzen bouwe yn Twizelerheide. Tusken it Stuolwynderspaed en de Doarpsstrjitte komme acht wenten. Der wie in plan yntsjinne foar de bou fan tolve huzen, mar dat hat de gemeente ôfwiisd.
De wenningstichting sil yn Twizelerheide ek noch in twa-ûnder-ien-kapwenning bouwe. Dy komt yn it plak fan twa frijsteande huzen.