''In joik sjonge giet samar net''

Troch Karen Bies
''It hat fannacht 13 graden ûnder nul west en ik hie it rút iepen. Sa stil en fris is it hjir. Hjoed hiere kameraman Dirk en ik in auto. Kautokeino is in lyts stedsje, mar de ôfstannen binne te grut om alles te berinnen. Dat blykt wol as wy nei ús earste bestimming geane. Wy hawwe ôfpraat mei de Sámi sjongeres Ella Marie Heatta Isaksen. Sy is ien fan de acht kandidaten fan Liet Ynternasjonaal en spilet as iennichste in thúswedstryd.
Se stapt by ús yn de auto en we ride nei it hûs fan har mem, in healoere riden fierderop it lân yn. De sinne skynt en mei al dy snie is it sa’n prachtich lânskip. We stekke in rivier oer fia in brêge. Under ús sjogge we de spoaren fan sniescooters yn de snie op it iis. Dat is wol de maklikste foarm fan ferfier hjirre. Pubers helje earst in rydbewiis foar in sniescooter, de auto komt letter wol. Ella Marie is 18 jier mar sy wegeret op sa’n ding te riden, se fynt dat skande foar it miljeu, fertelt se.
Ella Marie is in bysûnder famke. Yn har moderne muzyk brûkt sy de tradisjonele klanken fan it ‘joiken’, de manier fan sjongen fan de Sámi kultuer. As wy letter by har mem en har tante oan de keukentafel sitte fernimme Dirk en ik hoe spesjaal sa’n joik is. Under it ynterview freegje ik om ‘even’ in joik te sjongen. De trije froulju sjogge ús laitsjend oan, mar se sizze ek: dat giet samar net. Ella Marie fertelt dat eltse Sámi in eigen joik hat, teminsten, as hy of sy der oait ien krigen hat. Want in joik is in soarte fan earbetoan. En: in joik giet net óer dy, do bíst in joik.
Yngewikkeld, mar hiel prachtich. Gelokkich komme de froulju ta it beslút dat der dochs wol in joik is dy’t se ús hearre litte kinne: de joik foar har heit en pake. Se sjonge mei syn trijen, Ella Marie wylst se de hân fan har mem fêsthâldt, en tante by it oanrjocht, ûnder it bôle bakken. Ik sjoch nei bûten, nei it wite lânskip yn de fûle sinne. Hjir en dêr in houten hûs mei in feranda en in hûn. Doe’t dat lûd fan dy sniescooters der noch net wie, sil de joik fêst fier klonken hawwe oer it stille lân fan Kautokeino.
Ella Marie sil jûn har liet fertolke op de finale fan Liet Ynternasjonaal. Ik bin hiel benijd hoe’t har muzyk klinke sil. Fansels binne wy foar Aafke, ús eigen Fryske sjongeres fan Twizel. Mar Ella Marie is troch har ferhaal ek hiel tichtby kommen.''
Oan Liet Ynternasjonaal dogge acht artysten mei. It binne Ella Marie Hætta Isaksen (Sámysk), Aafke Zuidersma (Frysk), Zaman (Bashkir, Turkske taal), Màiri Anna NicUalraig (Skotsk Gaelic), Ruben Semmoh & Romeo Sumter (Sranan Tongo, Kreoalske taal), Nikita Ilyin (Udmurt, Oeraalske taal), Ukan (Bretonsk), La Schlapp Sauvage (Lúksemboarchsk).
It sjongfestival is tongersdei 13 april en is fia in stream te sjen.